Meiprate en beslute
Sprek- en stimrjocht op ledegearkomsten.
As FNP-lid kinne jo jo persoanlike miening oer politike fraachstikken nei foaren bringe op FNP- ledegearkomsten (provinsjaal en gemeentlik).
De ledegearkomsten binne it heechste beslútfoarmjende orgaan yn de FNP. Yn dy gearkomsten wurdt ûnder oaren it FNP-program fêststeld. Yn dat program wurde de politike útgongspunten en doelen fan de FNP fêstlein. Troch jo stim op ledegearkomsten hearre te litten hawwe jo dus streekrjocht ynfloed op it belied fan de FNP!
Yn de provinsjale ledegearkomsten wurde de leden fan it haadbestjoer keazen. Dêr wurde ek de kandidaat-steateleden oanwiisd.
Nijs oer de FNP: de Frijbûtser
7 kear jiers krije jo it partijblêd ‘Frijbûtser’.
Wat kostet it lidmaatskip?
Goedkeape partij
De FNP is ien fan de goedkeapste politike partijen. Yn Ljouwert de op ien nei goedkeapste, sa hawwe wy berekkene. Ien kear jiers krije jo in akseptgiro fan de ponghâlder mei it fersyk de kontribúsje te beteljen.
De gemeentlike FNP-ôfdielings krije 20% fan jo bydrage. Mei ferkiezings krije jo ornaris nochris in fersyk om in frijwillige bydrage foar it ferkiezingsfûns.
Kontribúsje en oare jeften oan de FNP, kinne jo ôflûke fan jo belêstbere ynkommen.
De minimum kontribúsje is € 27,50 yn 't jier. Foar húsgenoaten (it 2e lid yn ien gesin) en leden jonger as 27 jier jildt in minimumbydrage fan € 16,00 yn 't jier. Dy bedraggen jilde foar 2018. De kontribúsje wurdt jierliks op basis fan de ynflaasje oanpast.
Minsken dy't dy bydrage net misse kinne, kinne fan de ponghâlder tastimming krije om minder te beteljen.
De FNP giet hoeden om mei jo persoansgegevens en jout se net troch oan tredden.
Genôch reden om lid te wurden. Folje it formulier yn mei it formulier op dizze link.