Fryslân en de FNP - Skiednis en Takomst
Skiednis
Lytse folken sûnder steat falle wei yn 'de fâlden fan de skiednis'. Dat is ek it gefal mei de Friezen. Har ferline liket grutter as harren takomst. Dat ferklearret wêrom oft hja sa gau en sa'n soad weromsjogge, en harren identiteit leafst út it ferline helje. De FNP docht dat perfoarst net. De FNP wol de Fryske identiteit yn 'e takomst stal jaan. Net bewarje, mar aktyf stal jaan yn in oare maatskippij as dy fan ús foarâlden. Mar wy ûntstride net dat de woartels fan dy Fryske identiteit yn it ferline lizze. En dat it ferline ús noch altyd wat leare kin. Dêrom moatte wy ús ferline kenne, ear 't wy de takomst yngean kinne.
Alde Friezen
De Friezen hawwe har sa'n 500 jier foar Kristus fêstige op de fruchtbere kwelders by de Noardsee lâns tusken de Iems (Emden) en de Rijn (Katwyk). Hja wienen wierskynlik ôfkomstich fan de hegere sângrûnen, want dy wienen nei hûnderten jierren fan lânbou folslein útrûpele. It hjoeddeistige Noard-Hollân (foar in part noch altiten West-Fryslân neamd), Fryslân en Grinzerlân wienen meiinoar it âldste Fryske stamlân. Al gau nei it begjin fan 'e jiertelling meitsje de Romeinen dizze Friezen skatplichtich, mar Rome koe hjir gjin bliuwende besetting hanthavenje. Oan de ein fan de Romeinske tiid tsjogge de Angelen en Saksen by de Noardsee lâns nei Ingelân, wat grif in soad ynfloed hân hat op de doetiidske bewenners fan Fryslân. Nei it jier 500 binne de Friezen net langer mear in stam, mar in steat ûnder in keningskip. Hja wreidzje harren dan súdlik út oer Súd-Hollân en Seelân nei it Swin by Brugge. Noardlik giet de útwreiding oer wat no East-Fryslân hjit nei de Wezer (Bremen) en letter noch fierder by de kust lâns oant yn Denemarken ta, dêr 't no noch altiten Noard-Fryslân mei syn aparte Noardfryske dialekten leit.
Underwerping en dochs frijheid
Dit grutte Fryslân wie in heidenske steat. De kristlike Franken besochten it te ûnderwerpen en te bekearen. It iene stie net los fan it oare. Bonifatius waard dêrom net allinne as kristlik sindeling sjoen, mar ek as diplomaat fan it fijannige ryk fan de Franken. Al moast hysels belies jaan, syn leauwen en de Frankyske macht wienen net te kearen. Yn 'e rin fan'e 8ste ieu waard Fryslân dan ek kristlik en diel fan it grutte Frankenryk. It bleau in ienheid, ek al gong it Fryske suden (Hollân en Seelân) ferlern. Mar West-Fryslân, ús hjoeddeistige Fryslân, Grinslân en East-Fryslân koenen harren betreklike selsstannigens nei de tiid fan de Noarmannen wer útbouwe en mear as dat: dit Fryslân waard de Westeuropeeske hannelsnaasje fan it earste plan, in foarrinder fan de lettere Hanze. Letter sakke dit Fryslân wer wat werom en beskerme troch see, wetter en sompige feanen koe it feodalisme yn syn wreedste foarm oan Fryslân foarbygean. De Fryske frijheid hâlde yn, dat hjir in âld rjochtsstelsel yn wêzen bleau en dat frije boeren beskerme tsjin de adel. Hjir ferdigenen de boeren harsels en harren lân en wiene hja de 'beskerming' troch in adellike allinnehearskippij net nedich.
Ferlies fan ûnôfhinklikheid
Dan reitsje de Friezen ûnderling deilis. Guon (de saneamde Fetkeapers) wolle tanadering ta bûtenlânske machten en oaren (de Skieringers) wolle de saken yn eigen hân hâlde. Dat skept in ideale situaasje om de Friezen fan bûtenôf tsjininoar út te spyljen en al gau is de yn earste oanlis ekonomyske belange-tsjinstelling ferwurden ta in fete tusken famyljes dy't inoar mei bûtenlânske help besykje út te skeakeljen.
Gewestlike ûnôfhinklikheid
Yn 1579 kamen de Nederlannen yn opstân. It Noarden slagge deryn him ôf te skieden as Republyk fan de Feriene Nederlannen. Fryslân en Grinslân dogge mei as autonome gewesten yn dit nije steatsferbân. De dielnimmende gewesten krigen grutte selsstanniggens.
Under it sintralisme
Yn 1798 wie it dien mei de gewestlike ûnôfhinklikens. De Frânsen hiene Nederlân beset en rjochten it yn neffens Frânsk model: alle macht waard konsintrearre yn ien sintrum. Gewestlike bestjoeren mochten de yn it sintrum nommen besluten allinne útfiere. En dat sintrum waard De Haach. Nei de befrijing yn 1815 waard dit model oanhâlden. It nije Keninkryk moast in yntegrearre ienheidssteat wêze, dêr't gewestlike belangen ûnderskikt wiene oan it belang fan it gehiel. Soks heart moai, mar yn 'e praktyk wurket it gauris oars út om 't it sintrum gjin neutrale en objektive ynstânsje is. It sintrum hat syn eigen belangen, mar 'ferkeapet' dy belangen yn 'e regel as 'algemien steatsbelang' en fersmyt de gewestlike belangen as 'provinsjaal egoïsme'. Dit nije 'meiïnoar ien' wie yn earste oanlis tige geunstich foar Hollân, mar net foar Fryslân. De nije steatsoarder rôp dus wjerstannen op dy't yn de provinsjale steaten fan Fryslân ta in soarte fan partijfoarming oanlieding joegen. De foarstanners fan de provinsjale ûnôfhinklikens waarden dêrby as reaksjonêr, konservatyf en sjauvinistysk sjoen. De steatsnasjonale yntegraasje-oanhingers neamde harren sels foarútstribjend, mar waarden oarsom foar amtlike slaven yn tsjinst fan de Kroan útmakke. Dochs wie it net allinne in prinsipiëel politike striid, it wie fansels mar krekt wêr't jo persoanlike belangen leinen en wêr 't jo jins maatskiplik plak en jo salaris fan krigen. De yntegraasje-oanhingers winne it pleit al rillegau en it ferset tsjin de nije oarder ferskoot dan nei it literêr-wittenskiplike mêd. Om 1830 ûntstiet in literêre oplibbing yn it ramt fan de doe yn hiel Europa hearskjende Romantyk. Werom nei it ferline, werom nei de woartels hjit it en yn de literêre sfear kin soks gjin kwea. Foaroanmannen fan it earste oere wiene de âlde Frjentsjerter heechlearaar Wassenbergh, dûmny Posthumus en de ferneamde bruorren Halbertsma.
De Fryske Beweging
Yn 1823 waard de earste Gysbert Japicx betinking hâlden. Yn 1844 waard it Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse oprjochte. Dit selskip fûn syn oanhing yn'e ferljochte en liberale boargerij. Dêrby moat men jin gjin stedske boargerij foarstelle mar earder ûnderwizers en frijsinnige dûmnys fan it plattelân. Hja makken earnst mei it brûken fan it Frysk as skriuwtaal. Nei aardich wat eksperiminten kaam der úteinlik dochs in standertfoarm dy't de basis fan ús nije Fryske skriuwtaal wurden is. De nammen fan Harmen Sytstra, Jacobus Van Loon en fansels de Halbertsma's binne mei dit nije begjin ferbûn. Letter yn de 19de ieu wienen dat Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen en gâns oaren.
De tsjerke en it Frysk
De kristliken hâlden harren fier fan it Frysk. De Tale Kanaäns hie foar harren it allinnerjocht en boppedat mijden hja literêre skriuwerij. Benammen doe't dat de foarm krige fan toaniel. De Fryske winterjûnenocht (kabaret en toaniel yn de doarpsherberch) koe foar harren net oars as ta sûnde liede. Pas letter yn 'e ieu komt der yn tsjerklike rûnten belangstelling foar it Frysk. Stadichoan ferdwynt it ferset tsjin it Frysk yn tsjerke. Dûmnys as Wumkes en Huismans wiene yn dizze striid fan grut belang. Hja makken - mei gâns oaren - it Frysk foar Bibel- en preektaal ree.
Jongfriezen en oare Friezen
De Fryske Beweging wie ûnderwilens folwoeksen wurden. It wie net mear in feriening, mei heechút wat ûnderlinge en persoanlike spanningen, mar it wie in streaming wurden mei ferskate bêdingen. Mei de earder sa machtige liberale streaming wiene ek de liberale Friezen op 'e eftergrûn rekke. Ynstee dêrfan wienen der neist soasjalistyske en kristlike Friezen fan ûnderskate soarten no ek nasjonale Friezen opstien. Allegearre groepen dy 't de Fryske bewegings-idealen keppelen oan in beskate politike of godstsjinstige ideology. De sosjalist Troelstra koe sa yn dûmny Wumkes in Fryske Beweger moetsje.
It Fryske ideaal op it foarste plak
En der kaam wat nijs: de Fryske Beweger dy't syn Fryske ideaal net yn tsjinst fan kristendom of soasjalisme stelle woe, mar krekt oarsom it Fryske ideaal op it foarste plak sette: de Jongfries. Dizze Jongfryske Mienskip wie ûnder lieding fan Douwe Kalma in keppel wylde guozzen ûnder wat hja in kloft nuete guozzen achten.
De moderne Fryske Beweging
De radikale Fryske bewegers kamen troch de Dútske besetting yn ferlieding en ferlegenheid.
Om 't hja it Fryske ideaal boppeoan stelden, ek boppe de Nederlânske steat, tochten de Dútskers harren foar de nasjonaal-soasjalistyske karre spanne te kinnen. Inkelden hawwe belies jûn, mar fierders hat it hiele Fryske organisaasjelibben himsels yn de oarlochstiid opheft, om sa bûten de Dútske ynfloed te bliuwen. De kollaboraasje hat yn Fryslân leger west as oeral oars yn Nederlân. Fuort nei de oarloch koe sa de tried wer oppakt wurde.
De jonge generaasje wie praktysker en pragmatysker as de âlde en tusken de ferskate bêdingen wiene skiedslinen fan foar de oarloch yn 1945 net mear sa djip. Sa koe der as gearwurking fan alle Fryske organisaasjes in Ried fan de Fryske Beweging komme. Ynstee fan striid oer idealen en ideologyen begûn men praktyske doelen te ferwêzentlikjen. Kulturele autonomy en federalisme wie in âld ûnderwerp - dêr't de namme en it skriuwen fan Eeltsje Boates Folkertsma mei ferbûn wie - dat no yn praktyske rapporten en advizen útwurke waard. Frysk yn it ûnderwiis en Frysk foar it gerjocht waard oer neitocht en skreaun. Mar plannen wurde gjin werklikheid sûnder striid. Dy krige syn hichtepunt yn it trelit om Fedde Schurer dy't troch de rjochter feroardiele waard om syn fryskpraten en sa in reboelje - bekend as
Kneppelfreed - teweech brocht (1951). Dit gefal brocht de Fryske Beweging yn de hiele Nederlânske en sels yn 'e bûtenlânske parse. It Haachske regear moast doe wol in lyts stapke dwaan yn 'e rjochting fan de erkenning fan de Fryske taal. In prinsipiële erkenning wie it net, mar wy tankje der dochs it plak fan it Frysk yn it basisûnderwiis oan. Nei dit earste stapke folge der gjin twaddenien.
De FNP
Balâns tusken ferline en takomst
Der rint in reade line fan it ferset tsjin it sintralisme út 1815 oer de heechstimde idealen fan de Jongfryske Mienskip yn 1916, nei de FNP dy't yn 1962 ferset en ideaal nei de politike praktyk brocht.