fnplogo

FNP

De FNP-Opsterlân is in ôfdieling fan de provinsjale FNP. Yn 1962 is de FNP oprjochte as earste regionale politike partij yn Nederlân en is nei 40 jier in eigen faktor wurden yn de Fryske polityk. Mei de ferkiezings fan 2003 waard de FNP provinsjaal mei 7 sitten de 3e partij. Mear ynformaasje oer de provinsjale FNP kinne jo fine op de Provinsjale side.

 

fnpjlogo

FNP Jongerein

De jongerein fan de Fryske Nasjonale Partij is in kommisje foar FNP leden oant en mei 30 jier. Wy binne as FNPJ in iepen politiyk jongerein platfoarm. De FNPJ siket de jongerein yn de provinsje op en is altyd ree op it petear oan te gean. Binnen de partij jout de FNPJ lûd foar de jongerein. Dêrnjonken organisearret de FNPJ aktiviteiten foar de leden.

osf

Lanlike ynfloed

De leden van de Provinsjale Steaten yn Nederlân kieze de leden fan de Earste Keamer. De FNP wurket gear mei oare lokale partijen. Hja ha harren ferienige yn de OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie). Sadat wy ek ús lûd yn Den Haach hearre litte kinne.

efalogo

Europeeske ynfloed

Fryslân en ek Nederlân wurde net mear allinne út Den Haach wei bestjoerd. Hieltyd mear beslissings wurde yn Brussel nommen. Oan de oare kant wurde de regionale oerheden wichtiger. De FNP is dêrom ek op Europeeske skaal organisearre en stie, yn 1981, mei oan de widze fan it Europeeske gearwurkingsferbân fan regionale partijen: EFA (Europeeske Frije Alliânsje).

efaylogo

Europeeske jongerein

De EFA jongerein binne ek ferienige, mear hjir oer op harren eigen webside.

OPST logo RGB  Hiemside Gemeente Opsterlân
Logo PraatMarFrysk.nl

Praat mar Frysk

Mear as de helte fan de Friezen praat fan hûs út Frysk. Yn 'e plattelânsgemeenten leit dat persintaazje sels noch in stik heger: sa'n 70%. En sawat eltsenien ferstiet it. Lit de minsken dêrom witte dat njonken it Nederlânsk it Frysk ek wolkom is: Praat mar Frysk!

Logo Wurdboek.nl

Wurdboek.nl

In online wurdboek, staveringshelp, rymwurden, taalpuzels, gedichten, sprekwurden, siswizen en noch folle mear.

Logo ItNijs.nl

It Nijs

It Wrâldnijs, Nederlânsk of Frysk nijs yn it Frysk troch de Ried fan de Fryske beweging.

Logo Goedfrysk.nl

Goedfrysk.nl

Guon minsken binne o sa foar it Frysk mar hawwe muoite mei it skriuwen fan har taal. Dizze hiemside is de oplossing foar dat probleem. Dizze side is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging.

 

 

 



Tags: algemien

2019 FNP Fryslân - Disclaimer