NIJS   15-10-2021


Fryslân: EFA unanym efter FNP-moasje oer wenjen

De FNP hat hjoed unanym stipe krigen foar syn moasje oer it wenjen by it EFA-kongres yn Brussel. Mei de moasje wol de partij mear romte meitsje foar maatregelen op it mêd fan wenjen en oproppe om de beskikbere Europeeske programma’s te brûken om te ynvestearjen yn wentebou en it ferbetterjen fan wenningen.

De moasje sprekt krityk út dat húsfêsting te bot sjoen wurdt as in merk dêr't ynvestearders in soad jild mei fertsjinje kinne en te min as in plak om yn te wenjen. En dat wylst wenjen in minskerjocht is dat erkend is yn it EU-rjocht, de grûnwetten fan de measte Europeeske lannen en yn it folkerjocht. De EU kin derfoar soargje dat de regels wat rommer wurde en ús gemeenten wat mear romte krije om de ynwenners te helpen by it besetten fan in wenning. Boppedat ropt de moasje op om gebrûk te meitsjen fan de programma's fan de EU foar de wentebou, bygelyks troch renovaasjemaatregelen binnen de Green Deal.

 

De EFA (European Free Alliance) is de politike partij dy't de FNP fjirtich jier lyn mei-oprjochte hat. Roel Falkena, dy't begjin dit jier ferstoarn is, wie ien fan de foaroanmannen dy't doe it ynsicht hie dat it nedich wie foar regio's lykas Fryslân om Europeesk gear te wurkjen. De EFA bestiet no út partijen út alle hoeken fan Europa, en foarmet tegearre mei de Grienen de fiifde fraksje yn it Europeesk Parlemint.

 

De FNP wie ek yn it Europeesk Parlemint foar petearen mei Europarlemintariërs. Sa hie FNP fraksjefoarsitter Sijbe Knol ûnder oaren in petear mei de eardere Katalaanske Presidint Carles Puigdemont. Puigdemont soe earder nei Fryslân komme, mar dat koe doe troch de koroana-pandemy net trochgean. Der is de ôfspraak makke om de besite oar jier yn te heljen.



Tags: Europa, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer