NIJS   30-01-2022


Opsterlân: Koartsweagen: giet it oan?

Op 31 januari sil de rie mei kolleezje yn petear oer Koartsweagen. Hjoed noch koe hiel it lân meisjen mei ús sporthal doe LDODK "live" in krease oerwinning behelle.

Dat der wat barre moat oan de sporthal fan de Gordyk der is elkenien fan oertsjûge. Sa ek de FNP. Net allinnich de kuorballers fan LDODK mar ek it grutte ferskaat oan oare ferienigingen fertsjinje in akkommodaasje die rjocht docht oan de Gordyk en harren brûzende ferienigingslibben. Wa kin better oer de takomst gean dan de Gordyksters sels? Sa tochten kolleezje en ferskate partijen, lykas de FNP. Moarn is it momint wêrop kolleezje en partijen it antwurd op dizze fraach moatte jaan. No ja, it kolleezje hat dit ûnderwylst al dien, sy koe net wachtsje. De Gordyk en de inisjatyfgroep kin ek net wachtsje, mar dêr haw sy it moarn oer, sa as ôfpraat. It wurdt in spannende tiid, komme wy lykas LDODK in stapke tichterby de finale? As meitsje guon de kar om de kompetysje op 'e nei te starten mei de wethâlder as oanfierder fan in team? 

Tags: Sport

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer