Fryslân: FNP: fragen oer problemen TopDutch

De FNP-Steatefraksje hat hjoed skriftlike fragen yntsjinne oer de problemen by TopDutch. Oan de iene kant binne der grutte fraachtekens oer de resultaten fan de kampanje en it ‘ferbaarnen’ fan jild. Oan de oare kant fynt de FNP it nuver dat de Steaten noch noait ynformearre binne oer de problemen, wylst dy al moannen spylje. Ek is it sa dat der te let yngrepen is troch de deputearre fan Grinslân, wylst der al yn july troch de bedriuwen glêshurd kommunisearre is dat der wat dien wurde moast.

TopDutch is de kampanje dy't oarspronklik bedoeld wie om it bedriuw Tesla hjirhinne te heljen. Oant no ta liket dat net te slagjen, de earste sinjalen wize der op dat it bedriuw kiest foar in fabryk yn Dútslân of Frankryk. It is foar de FNP lykwols wol de fraach wat überhaupt de resultaten binne. TopDutch hat € 1,35 miljoen krigen. Oant no ta is der hast € 600.000 útjûn, sa hawwe wy begrepen. ‘Is dat jild ferbaarnd?', sa freget FNP-steatelid Sybren Posthumus him ôf. Fierder wol er witte oft Fryslân ek profitearre hat fan de kampanje. Der soe in ‘lykwichtich part' fan de ynvestearrings en dêrmei wurkgelegenheid yn Fryslân telâne komme, sa is ôfpraat.

 

De FNP is tige kritysk oer de gong fan saken. Alhoewol't de problemen al ein july bekend wienen en dêr tal fan berjochten oer yn de media ferskynd binne, hawwe de Steaten fan Fryslân oant no ta noch gjin inkele ynformaasje krigen oer dy problemen. En neidat de reklameburo's yn july de saak ‘eskalearden' en fregen om aksje fan de provinsjes, hat de (koördinearjend) deputearre fan Grinslân net earder as op 17 oktober 2018 in petear hân mei de belutsen reklame-buro's.

  

Neffens Steatelid Posthumus ''sit TopDutch mei de griene bril op in rôze wolk en wurdt it tiid om realistysk te wurden''.       

Tags: algemien

2019 FNP Fryslân - Disclaimer