NIJS   11-10-2019


Fryslân: FNP: In Fryske oanpak foar de PAS

De FNP wol dat de problematyk mei de PAS troch de regio sels oppakt wurdt en net fia in Haachsk diktaat. Dat hâldt neffens de FNP yn dat wy mei alle belutsen partijen yn de regio sels en fan ûnderen op de problemen oplosse wolle. Wy binne yn de regio prima sels by steat om ta passende oplossings te kommen.

"Lit ús saken op eigen wize oanpakke" (Wopke Veenstra)

Sels oan set

De FNP sprekt de winsk út dat foar grutte maatskiplike opjeften sa as de PAS, mar ek de enerzjytransysje en it klimaatakkoart, Fryslân sels oan it stjoer bliuwt. Dat betsjut neffens de FNP dat de mienskip sels oan set is.

Haachske diktaten

Minister De Jonge fynt de saneamde Fryske draai‘ bijzonder'. De FNP is fan betinken dat it de krêft is fan de Fryske mienskip om net fuort en daliks efter de Haachske diktaten oan te rinnen. De koers fan de partij sil by grutte tema's lykas de kommende enerzjytransysje en it klimaatakkoart rjochte wêze op dizze Fryske oanpak. 



Tags: fnp fryslan, lanbou

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer