NIJS   17-10-2019


Fryslân: Johannes Kramer foardroegen as boargemaster Noardeast-Fryslân

Johannes Kramer (52) út Sibrandabuorren wurdt nei alle gedachten de nije boargemaster fan Noardeast-Fryslân. De gemeenteried hat woansdeitejûn de foardracht fan de betrouwenskommisje oernommen.

"Tige wiis mei, in boppeslach" (Johannes Kramer)

Betrouwenskommisje

Kramer is no noch deputearre foar de FNP by de Provinsje Fryslân. Hy wurdt troch de betrouwenskommisje sjoen as de bêste kandidaat om tydlik boargemaster Hayo Apotheker op te folgjen. Noardeast-Fryslân krijt mei Kramer nei de weryndieling wer in kroanbeneamde boargemaster. De minister moat no noch it definitive beslút nimme, dat is meastentiids in formaliteit.

  

Kriich en ambysje

Kramer wie earder jurist by Fryske gemeenten, griffier en gemeentesekretaris yn Menameradiel, 8 jier fraksjefoarsitter fan de FNP-Steatefraksje en 8 jier deputearre. Hy is tige optein oer de foardracht fan Noardeast-Fryslân: ‘It is in prachtige en krachtige plattelânsgemeente mei kriich en ambysje. Om hjir as boargemaster in rol yn spylje te meien, is foar my in boppeslach.' Kramer is al tige goed bekend mei ‘Noardeast' omdat hy jierrenlang gebietsdeputearre foar de regio wie.

  

FNP-boargemaster

Nei earder Theunis Piersma (Wûnseradiel) en Gerben Gerbrandy (Achtkarspelen) wurdt Johannes Kramer de tredde FNP-boargemaster yn Fryslân. De ynstallaasje is neffens de gemeente nei alle gedachten op 6 jannewaris 2020. De partij is yn beried oer de opfolging fan Kramer as deputearre foar de FNP.

  

Klik hjir nei de berjochten fan de gemeente Noardeast-Fryslân en Omrop Fryslân



Tags: polityk bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer