NIJS   18-03-2022


Fryslân: Trochbraak foar FNP by ferkiezingen gemeenteried

By de gemeenteriedsferkiezingen fan woansdei hat de FNP folle mear stimmen krigen as fjouwer jier ferlyn. De trochbraak wie it hichtepunt fan in prachtige kampanje, wêryn men it boadskip fan de FNP net misse koe: op strjitte, yn it lânskip, op sosjale media, yn de krante, op de lokale, regionale en lanlike radio en tillefyzje. Us minsken wiene oeral te sjen en te finen.

Wy wiene by steat en oertsjûgje de kiezers. Mei 36.000 stimmen wie dat it bêste resultaat yn gemeentlike ferkiezingen sûnt de FNP sechtich jier lyn oprjochte waard. Wy hawwe mear as 10.000 stimmen wûn yn fergeliking mei de foarige ferkiezingen. Dêrmei binne wy no de tredde partij fan Fryslân, nei it CDA en mei mar in pear hûndert stimmen minder as de PvdA. De fjirde partij is de VVD, dy't yn Fryslân minder as 26.000 stimmen helle.

 

Dat befêstiget ús status as ien fan de haadspilers yn de Fryske polityk. Wy hawwe wûn yn alle alve gemeenten wêr't wy meidien hawwe. Yn trije gemeenten (Noardeast-Fryslân, De Fryske Marren, Tytsjerksteradiel) binne wy no de grutste. Yn de haadstêd Ljouwert hawwe wy ús sitten ferdûbele en binne wy de tredde sterkste fraksje. Yn Opsterlân hawwe wy ús tal sitte fertrijedûbele en binne wy no de twadde politike krêft yn de nije gemeenteried. Oer it gehiel hawwe wy 10 sitten wûn yn de rieden, wat makket dat wy no 49 riedsleden hawwe.

 

Yn 2023 sille der wer provinsjale ferkiezingen wêze yn Fryslân. 



Tags: Ferkiezings

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer