NIJS   13-03-2022


Opsterlân: Yn petear mei: fragen fan Opsterlanners en antwurden fan ús ôfdieling

De ôfrûne twa wiken hawwe wy ferskate kearen petear hân mei ynwenners, op strjitte, by ferienings, tidens debatten as fia de e-post en sosjale media. In soad fragen bin ús stelt as ek opmerkings: hjirûnder in oersjoch mei fansels de antwurden en reaksjes.

"Oer de Lelyline en oare punten" (FNP Opsterlân)

Hawwe jim mear punten yn stee fan jim posysje tsjinoer de Lelyline:

Jawis: de FNP hat trije haadpunten op har struibrief stean, mar njonken dizze haadpunten haw wy ek in hiel program. Dizze stiet yn sawol it Frysk as it Hollânsk op ús hiemside. Tsjoch by program.

 

 Jim haw it hieltiten oer it Oanfalsplan Wenjen, mar wat haw jimme de lêste jierren dien op it mêd fan it wenjen.

De FNP sit net yn it kolleezje, mar hat as ienmansfraksje besocht om dochs hânfetten te jaan oan de ried om wat te dwaan oan de "wentekrisis". Sa haw wy twa moasjes mei súkses yntsjinne. De earste wie om der yn De Haach, lykas yn oare gemeenten, op oan te trunen om de ferhierdersheffing ôf te skaffen. De ferhierdersheffing is ûnderwylst ôfskaft wêrtroch wenningkorporaasjes mear ynvestearje kinne yn sosjale wentebou.

De twadde moasje gie oer it opstellen fan in húsfêstingsferoardering. Dizze is ek oannaam en kin der foar soarchje dat minsken mei sosjale en ekonomyske bining foarrang krijen by wenten. Ek kin dizze húskemelkers bûten de doar hâlde.

 

Hoe sit dat no einliks mei dy Lelyline, twa jier ferline stie noch yn ‘e krante dat FNP Fryslân foar de Lelyline wie, hoe kin it dan no dat dit net sa is by jim.

FNP Opsterlân hat har hieltiten kritysk opstelt tsjinoer de Lelyline. Dizze rekket fansels ús gemeente bot. It hat foar Opsterlân ûnumkearbere gefolchen foar mienskip en lânskip. Mar dan oer it artikel wêr jo nei ferwize: dizze sei doetiids dúdlik dat wat de FNP Fryslân oanbelanget in Lelyline in oar ferhaal wurde soe as it ta ferstêdliking lied. Undersyk en rapporten en it ôfkundigje fan it Deltaplan foar it Noarden makke fansels dat ferstêdliking fan Fryslân, in effekt wêze soe fan de Lelyline. Hjirmei is it no dus wis in oar ferhaal en is it tsjinlûd ek by FNP Fryslân te hearren.

 

 

Sa'n ferhaal mei in Lelyline, dat is dochs gewoan om stimmen te fertsjinje? Jim kinne it dochs net tsjinhâlde.

Jo haw foar in part gelyk, wy haw graach jo stim, mar dy wolle wy haw om fansels noch mear tsjinlûd te jaan op it mêd fan de Lelyline. Op it stuit binne wy yn Opsterlân de ienige dy't sa foel kampanje fiert tsjin de Lelyline. Foar guon is dit ek de reden west om harren by de kampanje en ek de partij oan te sluten. FNP Opsterlân sjocht harren as ien fan de earste groepen dy't organisearre har ferset tsjin de ûndemokratyske Lelyline. Dat wy dit yn ús ientsje net stopje is fansels logysk. Wy sille de takommende jierren dan ek elts momint oanpakke om in gruttere fûst tsjin de Lelyline te meitsjen. Soks hâld fansels net op mei ferkiezings. Ek yn de ried hat ús listlûker him útsprutsen tsjin de Lelyline en de wethâlder frege om it earlike ferhaal te fertellen oan de boargers en har ek te belûken foar dat plannen op tafel lizze.

 

 

Ik haw neat mei polityk, sy meitsje it hieltiten net wier, dat ik stim net!

It is wis teloarstellend as de minsken wêr't jo op stimme it net wier meitsje. Gelokkich libje wy yn in demokrasy en kinne jo mei jo stim soks ek blike litte. De FNP yn Opsterlân hat yn harren histoarje noch nea yn it kolleezje sitten. De FNP rint net foar harren ferantwurdlikheid fuort as sy jo stim krije en wol graach sjen litte hoe't it yn Opsterlân wol kin.

 

 

Hoe kin it dat de FNP Opsterlân ôfwiken kin yn stânpunten en prioriteiten fan oare ôfdielingen?

Eltse ôfdieling is autonoom, it binne de leden dy't ferkiezingsprogram fêststelle. Eltse gemeente hat fansels ek oare problemen en tematyk. Dochs bin der meastentiids in soart oerienkomsten en wurkje de ôfdielingen ek faak mei-inoar gear. Mar it kloppet wis dat ôfdieling by tiden net deselde stânpunten hat



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer