NIJS   07-10-2019


Fryslân: FNP komt mei tsjinútstel ferkiezing Earste Keamer

De steatefraksje fan de FNP komt mei in tsjinútstel foar de ferkiezing foar de Earste Keamer, omdat it kabinetsútstel ta in ferdwinen fan lytse partijen út de Senaat liede sil. It kabinet wol mei in wiziging fan de Grûnwet derfoar soargje dat de der minder gau abrupte wizigings yn de gearstalling fan de Earste Keamer komme en dat de provinsjale ferkiezingen net langer yn it skaad set wurdt troch lanlike tema’s.

"Kabinetsútstel desastreus foar lytse partijen" (Corlienke de Jong)

Desastreus foar lytse partijen

It útstel fan it kabinet, wêrfoar oant 9 oktober in konsultaasje rint, stelt foar om de sittingsdoer fan senatoaren te ferlingen ta seis jier en om elke trije jier de helte fan de Earste Keamer nij te kiezen. It wizigingsútstel hâldt yn dat der om de trije jier 37 respektivelik 38 leden yndirekt troch de leden fan provinsjale steaten keazen wurde. Hoewol't it kabinet it net neamd yn syn útstel, laat dat der ta dat lytse partijen it hiel dreech krije om yn de Earste Keamer te kommen. Ommers, de kiesdrompel sil yn it nije stelsel ferdûbelje.

  

Mear oandacht foar provinsjale tema's

De FNP-steatefraksje is it mei it kabinet iens dat de wize fan kiezen fan de Earste Keamer no problematysk is. It wie by de lêste ferkiezings mooglik om in soad sitten te krijen sûnder provinsjaal programma en sûnder mei te dwaan oan provinsjale debatten. Mar de FNP is poer tsjin it effekt dat lytse partijen it folle dreger krije en fynt dat it útstel brekt mei de Nederlânske tradysje fan it beskermjen fan minderheden en de demokratyske iepenheid fan it Nederlânske politike bestel.

 

FNP-útstel: ferkiezingen per provinsje

De steatefraksje fan de FNP hat dêrom in eigen útstel ûntwikkele dat der foar soarget dat de Earste Keamer polityk stabiler wurdt as chambre de réflexion en de ferkiezing fan provinsjale steaten wer oer de provinsjale tema's gean litte sil. Neffens it FNP útstel komme der yn elke provinsje ôfsûnderlike ferkiezingen, ferdield oer in perioade fan fjouwer jier. De ferkiezing foar provinsjale steaten sil dan wer mear gean oer provinsjale tema's. Omdat de Earste Keamer troch steateleden keazen wurde dy't sels op ferskillende mominten yn de perioade fan fjouwer jier dêrfoar yn de Steaten kaam binne, sil de gearstalling fan de Senaat minder abrupt feroarje.

It útstel fan de FNP kin, yn tsjinstelling ta dat fan it kabinet, boppedat realisearre wurde sûnder dat dêr in grûnwetswiziging foar nedich is.



Tags: earste keamer, polityk bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer