09-12-2018 - Fryslân: Faklju yn Fryslân fertsjinje grutte romte
Leare, leare, leare. Sa folle mooglik bern moatte nei de havo of it vwo. Dêrnei troch nei it HBO en de universiteit fansels, oars telle jo net mei. Al dy studinten wurde oplaat foar in kennisberop. Dat is op himsels moai, mar ús maatskippij ferjit wat: de minsken dy’t wat kinne mei de hannen en in fak leare.

07-12-2018 - Fryslân: FNP: fragen oer problemen TopDutch
De FNP-Steatefraksje hat hjoed skriftlike fragen yntsjinne oer de problemen by TopDutch. Oan de iene kant binne der grutte fraachtekens oer de resultaten fan de kampanje en it ‘ferbaarnen’ fan jild. Oan de oare kant fynt de FNP it nuver dat de Steaten noch noait ynformearre binne oer de problemen, wylst dy al moannen spylje. Ek is it sa dat der te let yngrepen is troch de deputearre fan Grinslân, wylst der al yn july troch de bedriuwen glêshurd kommunisearre is dat der wat dien wurde moast.

06-12-2018 - Fryslân: FNP docht mei oan aksje tsjin gaswinning lytse fjilden
De FNP sil nije wike tongersdei 13 desimber yn de stêd Grins meidwaan oan it protest tsjin de gaswinning yn lytse fjilden. It protest fynt plak tusken 12.00 en 14.00 oere op it Guyotplein, foar de rjochtbank fan Grins.

26-11-2018 - Fryslân: FNP: Grutte soargen oer sânwinning Iselmar by Gaasterlân
De FNP-steatefraksje hat fan ferskate kanten fernommen dat der grutte soargen binne oer de plande sânwinning by Gaasterlân. It giet om sânwinning foar de doer fan 30 jier en it soe plak fine op 5,5 kilometer út de Fryske kust by Gaasterlân. Omdat de FNP fraksje dizze soargen dielt hat sy hjirop skriftlike fragen steld oan Deputearre Steaten fan Fryslân.

07-11-2018 - Fryslân: FNP Wetterskipsfraksje: Skriftlike fragen "Timpeltsje Ids Willemsma" Marrum
Ut namme fan de Wetterskipsfraksje FNP hat fraksjefoarsitter Jan van der Kooi skriftlike fragen steld oer it ferrotsjen fan it saneamde kuenstwurk "Timpeltsje fan Ids Willemsma" op de seedyk by Marrum.

2019 FNP Fryslân - Disclaimer