Kandidatelist Gemeenteriedsferkiezings 2018
1 Janko van der Werf Terwispel
Myn leeftiid is 64 jier en wy wenje 60 jier yn Terwispel. Yn myn deistich libben bin ik bou-ynspekteur. Yn maaie 2017 haw ik Evert Wilstra yn de Gemeenteried opfolge. Ik soe graach in nije perioade fan fjouwer riedslid bliuwe wolle.
Ik wol my ynsette foar de bou fan wenten yn de lytse doarpen, sadat de jongerein de kâns kriget yn harren doarp wenjen te bliuwen. Foar de besteansgrûn fan de skoallen en it ferieningslibben is dat ek fan grut belang. Ik fyn dat foar âlderen yn harren doarp ek wenromte beskikber wêze moat. Neffens my is de bou fan lytse apparteminten in opsje | ![]() |
2 Harm de Jong
De Tynje
Myn leeftiid is 35 jier, bin opgroeid yn De Tynje en wenje hjir no wer. Yn it deistich libben bin ik dosint skiednis en maatskippijlear op De Jouwer. Ik set my yn foar ferskate ferieningen yn De Tynje, om in ‘libben doarp' te hâlden. Dy ferantwurdlikheid hawwe neffens my alle ynwenners. Ik stean it leafst ‘midden yn it fjild' yn stee fan oan'e kant. Frijwilligers binne it semint dêr't je op bouwe kinne. Sa bin ik aktyf by de karnavalsferiening, it Tynster skûtsje en de fuotbalferiening. | ![]() |
3 Ultsje Hosper
Oerterp
Myn leeftiid is 71 jier en wy wenje 46 jier yn Oerterp. As biolooch is myn grutste soarch, in leefbere wrâld foar ús bern efter te litten. Dêrom moatte wy duorsum mei ús libbensomjouwing omgean. De biodiversiteit giet slim efterút, ek yn ús omjouwing. Neffens my moat de gemeente it goede foarbyld jaan en ús iepenbier grien ekologysk beheare. Dêrom gjin bestridingsmiddels brûke en alle berms jierliks twa kear meane en it gewaaks ôffiere. Sa ûntsteane blomrike berms mei in protte flinters.
| ![]() |
4 Sjoerdtsje Veenstra-Paulusma Oerterp
Myn leeftiid is 70 jier en wy wenje 20 jier yn Oerterp. Neffens my moatte yn twatalich Fryslân alle ynwenners beide talen behearskje. Yn Opsterlân ferstiet goed 90 prosint it Frysk, mar it lêzen hat der wol oan. Dat moat fansels oars; dêrom bin ik in grut foarstanner fan meartalich ûnderwiis. Op trijetalige skoallen krije de learlingen ôfwikseljend les yn Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Ut ûndersyk docht boppedat bliken dat se by toetsen boppe it lanlik gemiddelde skoare. | ![]() |
5 Jacob de Vries
Bakkefean
Kultuer ferbynt de doarpen.
Ik bin 50 jier en wenje sûnt 2003 yn it moaie Bakkefean. Dêrfoar haw ik 34 jier yn Drachten wenne en bin berne yn Driesum. Op it stuit bin ik foarriebehearder by in Slachterijgruthannel. Dêrfoar haw ik ferskate funksjes hân yn twa hoarekagruthannels en haw ik dwaande west yn 'e katering. Ik bin troud en wy hawwe gjin bern. Yn 2009 hat Evert Wilstra my frege oft ik ek wat dwaan woe foar de FNP. Hy wist dat ik my graach ynset foar de Fryske taal en kultuer. No is myn grutste hobby toaniel en alles wat dêr omhinne hinget. Net allinnich it spyljen mei ik graach dwaan. Ek as karmaster gean ik nei ferskate ferienings ta om it spyljen rûnom yn 'e provinsje te stimulearjen en sadwaande op in heger nivo te bringen. No wol it gefal dat de FNP it folgjende yn harren program stean hat: In bloeiende keunst- en kultuersektor leveret in bydrage oan woltier en wolwêzen. It is dêrom fan belang dat omtinken jûn wurdt oan kulturele inisjativen. Om it (passyf en aktyf) meidwaan oan kreative projekten te befoarderjen, is in breed en leechdrompelich oanbod foar skoallen, ferienings en partikulieren in betingst.
It is fansels sa dúdlik as wat, dat ûnder oaren toaniel in goeie bydrage leverje kin (en sil) oan de mienskip yn it algemien en dêr wol ik op myn manier graach oan mei helpe. | ![]() |
6 Reitze Jonkman De Gordyk | |
7 Lybrich Kramer Nij Beets | ![]() |
8 Henry de Jong De Himrik | ![]() |
9 Sytze van de Meulen Wynjewâld | ![]() |
10 Ed Knotter Beetstersweach | ![]() |
11 Klaas de Boer Lippenhuzen | ![]() |
12 Roel Falkena De Gordyk | ![]() |
13 Geartsje Bloemhof Terwispel | |
14 Jan Nauta De Gordyk | ![]() |
15 Wiebe Veenstra Oerterp | |
16 Durk Feenstra Nij Beets | |
17 Sus Wassenaar Beetstersweach
| ![]() |
18 Andries Visser Beetstersweach | |
19 Tette Hofstra Nij Beets | |
20 Renny Hosper-Tjepkema Oerterp |